Frysk bluesduo nei Memphis

It Fryske bluesduo The Mudbirds hat de Dutch Blues Challenge wûn. De Nederlânske foarronde bringt de twa Friezen nei de ynternasjonale Blues Challenge, dy't yn jannewaris takom jier yn Memphis yn Amearika hâlden wurdt.
The Mudbirds binne Alan Laws en René Tweehuysen út Aldebiltsyl. Neffens de sjuery is it duo by steat om har act op in ynternasjonaal poadium te bringen.