GL wol tydlike natuer yn SWF

07 okt 2011 - 11:46

GrienLinks yn Súdwest-Fryslân wol dat braaklizzende yndustryterreinen yn de gemeente brûkt wurde foar tydlike natuer. De partij freget B&W in proefgebiet mei dat doel yn te rjochtsjen op it braaklizzende yndustryterrein Marne 2 yn Boalsert.

GrienLinks wol mei it ynrjochtsjen fan tydlike natuer berikke dat de biodiversiteit yn de gemeente tanimt, dat de natuerweardebelibbing foar bewenners en toeristen omheech giet en dat sokke grûn nuttich brûkt wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)