Auto stellen op Cambuurplein
De plysje docht ûndersyk nei de stellerij fan in auto, dy't parkearre stie oan it Cambuurplein yn Ljouwert. In 34-jierrige frou út Ljouwert hie de auto dêr delset en gie te boadskipjen. Doe't se weromkaam wie se har kaaien kwyt en wie de auto fuort.
De plysje siket tsjûgen. De stellen auto is in reade Chevrolet Matiz.