Mailadressen by fersin bekend

07 okt 2011 - 10:17

Troch in flater is de identiteit fan sawat 2000 Ljouwerters dy't ea kontakt hân hawwe mei it Meldpunt Overlast op strjitte bedarre. It Meldpunt ferhuzet en krijt in nij nûmer. Dat stie yn in mail oan alle relaasjes, mar by fersin binne yn de adresbalke fan 'e mail alle 1700 adressen fan dy relaasjes te lêzen.

De gemeente Ljouwert jout ta dat soks nea moatten hie en biedt syn ekskuzes oan, mar seit tagelyk dat der neat mear oan te dwaan is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)