Twongen kavelruil yn lânbou

De provinsje sil by lânynrjochtings yn de takomst de boeren twinge ta kavelruil. De lêste jierren wurkje boeren hjir foaral frijwillich oan mei, mar dat is no mislearre by in lânynrjochting by Drachten. By dy evaluaasje oppere deputearre Kramer dat der miskien in mingfoarm komt fan wetlike en frijwillige kavelruil.
It ruiljen begjint dan frijwillich, mar geandewei wurdt it ferplichte. Omdat minsken dat witte binne se earder genegen om mei te dwaan.