Musical oer Bonifatius

06 okt 2011 - 22:15

Der komt in musical oer Bonifatius. Der is al in Dútske musical oer him makke, mar de bedoeling is om dêr ek in Nederlânske bewurking fan te meitsjen. In stichting is drok dwaande om hjir jild foar te finen.

It Prins Bernhard Cultuurfonds hat yntusken al 5000 euro jûn. De bedoeling is dat it stik takom simmer foar it earst opfierd wurdt yn de Bonifatiuskapel yn Dokkum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)