600 reintûnen foar Opsterlân

06 okt 2011 - 22:09

Seishûndert húshâldings yn Opsterlân hawwe mei koarting fan de gemeente in keunststof reintûne oanskaft. Der koe keazen wurde út in tûne fan 210 liter foar 25 euro en ien fan 100 liter foar 20 euro. De tûnen koene besjoen wurde op it gemeentehûs en waarden ôflevere mei oanslútmateriaal en oerstoart. De gemeente hat 50.000 euro oan de reintûne-aksje meibetelle.

Mei de 600 ferkochte tûnen kin jierliks twa miljoen liter kraanwetter besparre wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)