Goede start flechtlingen

06 okt 2011 - 22:04

It giet goed mei de 100 flechtlingen, dy't yn septimber yn Fryslân kommen binne. Se hawwe yn ferskillende Fryske gemeenten in hûs krigen. De minsken komme út flechtlingekampen yn Kenia en moatte wol wenne oan de nije leef- en wenomjouwing. Ein oktober begjint de ynboargeringskursus. De Afrikanen komme nei in strange selekse yn Nederlân en krije daliks in ferbliuwsfergunning.

Se wurde begelaat troch frijwilligers fan VluchtelingenWerk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)