Grintproblemen Hijum foarby

De problemen op it hôf fan de tsjerke fan Hijum binne oplost. Lânskipsbehear hie in dikke laach grint op de paden lein en dêrtroch rûnen kroaden, rolstuollen en ek de bier fêst.
Woansdei hawwe de behearder fan de tsjerke en meiwurkers fan Lânskipsbehear om de tafel sitten en se binne der útkaam. It woarteldoek wurdt ûnder it grint fuorthelle en dêrnei wurdt it grint oantrille. Nije wike wurde de paden test.