Otters útset yn Alde Feanen

06 okt 2011 - 15:47

Yn natuergebiet Alde Feanen swimme nei in ôfwêzigens fan sawat tweintich jier wer otters om. Trije bisten waarden tongerdei útset yn it gebiet fan It Fryske Gea. Se waarden as wees fûn yn natuergebiet de Rottige Meenthe. Natoerman Tjibbe de Jong fan Aldegea hat de otters in jier lang thús grutbrocht.

De kommende twa moanne wurde noch trije oare otters útset. Dy komme út Tsjechië en Eastenryk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)