Mear details oer sedesaak

06 okt 2011 - 15:38

De Harnzer ûntuchtfertochte (27) frege jongeren oer syn bleate lea te rinnen. Dat hat justysje tongersdei bekend makke. De fertochte filme en fotografearre wat by him thús barde. De bylden makke er foar himsels. Hy sette se net op ynternet. De jongeren mochten de klean oanhâlde. De fertochte self wie neaken. De slachtoffers binne net twongen, mar se krigen wol kadootsjes.

Mear as tritich jongeren binne slachtoffer fan de grutte sedesaak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)