Slim ûngelok by Hichtum

Op de Westergodyk Ljouwert-Boalsert is tongersdei in automobilist slim ferwûne rekke by in oanriding. De 36-jierrige Harnzer stuts by Hichtum mei de auto de trochgeande dyk oer, mar seach dêrby in frachtwein oer de holle. Dy rekke de auto fol yn de side. De auto bedarre op de kop op de dyk en de bestjoerder rekke beknipe.
De Harnzer is mei slimme ferwûnings nei it sikehûs fan Snits brocht. It ferkear op de N359 hat in soad oerlêst fan de bergingswurksumheden hân.