'Dúdlikens oer byb Boalsert'

Yn it magazyn is noch wol plak foar mear boeken (foto: Oetze Deelstra, Omrop Fryslân)
Der moat gau dúdlikens komme oer it plak fan de biblioteek yn Boalsert. Dat fynt direkteur Ellen van Albada. Der wurdt no al hast tsien jier praat oer de lokaasje, mar it is noch hieltyd net dúdlik.
De biblioteek sit op 't heden yn in histoarysk gebou midden yn it sintrum fan de stêd. Der binne plannen de biblioteek te ferhúzjen nei it âlde stedhûs. In mearderheid fan de gemeenteried yn Súdwest-Fryslân liket dêr foar te wêzen.