Kollumerlân moat besunigje

06 okt 2011 - 11:46

De gemeente Kollumerlân moat 1 miljoen euro yn it jier besunigje. Dat stiet yn de begrutting foar takom jier. De besunigings binne needsaaklik omdat de útkearings fan it ryk leger wurde. In oare ôffaller is dat de foarried grûn fan 156 bunder folle minder wurdich wurden is.

It kolleezje hat lykwols ek plannen foar ynvestearrings, bygelyks op it mêd fan ûnderwiis. Der binne plannen foar nijbou foar gearwurkingsskoallen bysûnder en iepenbier ûnderwiis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)