Botsing lesauto fan plysje
In ynstruksje-auto fan de plysje hat woansdei in oanriding hân yn Twizel. Dat wie op de Tsjerkebuorren. De plysje-auto klapte op in oare auto doe't de lesnimmer de wein swaaide op de suteldyk. Nei alle gedachten hat de lesrider de oare auto oer de holle sjoen.
De ynsittenden rekken by de botsing net ferwûne.