Untslaggen by Verslavingszorg
By Verslavingszorg Noord Nederland ferdwine it kommend jier 120 banen. Dat is it gefolch fan de besunigings dy't it ryk de ferslavingssoarch opleit, in bedrach fan seis miljoen euro.
Verslavingszorg hat acht fêstigings en sprekoeren yn Fryslân, in part dêrfan sil sletten wurde. It is noch net bekend om hokker fêstigings it giet.