Brommobyl fan A32 helle

05 okt 2011 - 09:59

De plysje hat tiisdeitejûn in brommobyl fan de A32 by Steggerda helle. In frachtweinsjauffeur warskôge de plysje dat de brommobyl stadich oer de sneldyk ried. Om de lytse auto te beskermjen, bleau de sjauffeur der achter riden.

De plysje sette de bestjoerder (42) út Dokkum oan de kant. Hy sei dat er it paad bjuster wie en dat er neffens it navigaasjesysteem oer de sneldyk ride moast. Hy seach gjin gefaar. It CBR ûndersiket oft de man noch ride mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)