'Feanen moatte by Tyt'diel'

Tytsjerksteradiel is min te sprekken oer it foarstel fan de kolleezjes fan b. en w. fan fiif Fryske gemeenten oer de weryndieling fan Boarnsterhim. Benammen it foarstel dat natuergebiet de Alde Feanen nei Ljouwert ta moat en net nei Tytsjerksteradiel falt net goed by de gemeente.
Se geane troch mei druk útoefenje op de lanlike polityk. Neffens Tytsjerksteradiel moat de Alde Feanen by harren gemeente om't dit yn it ferline ek al sa wie.