Dantumadiel bliuwt by Omrin

Dantumadiel en Dongeradiel bliuwe dochs klant by ôffalferwurker Omrin. Wol wurde se útkocht as oandielhâlder. Yn desimber ferline jier kundigen de gemeenten oan net fierder te wollen mei Omrin. Se fûnen it finansjele risiko foar oandielhâlders by de bou fan ôffaloven REC yn Harns te heech en woene dêrom ôfskie nimme fan Omrin.
De gemeenten en Omrin binne it no iens wurden oer it ôfkeapjen fan it oandielhâlderskip.