NE-Fryslân:5 biblioteken ticht

Yn Noard-East Fryslân moatte fiif fan de njoggen biblioteken de doarren slute. It giet om de biblioteken yn Hallum, Damwâld, Feanwâlden en Kollumersweach. Wethâlders fan de belutsen gemeenten binne nog mei de biblioteken yn ûnderhanneling of de biblioteek yn Bûtenpost of dy yn Kollum slute sil.
Foar bern oant en mei 12 jier moat der in soarte fan skoalbiblioteek komme om de bern fan boeken te foarsjen.