Bisteopfang stapt nei rjochter

It gebou fan bistepensjon Adventure
Bisteopfang Adventure yn Koatstertille spant in koart pleit oan tsjin in doarwarderskantoar fan It Hearrenfean. It kantoar hat in pear moanne lyn it asyl frege om 27 út hûs pleatste katten op te heinen. It pensjon tocht in ôfspraak te hawwen oer it beteljen fan de kosten. Mar de doarwarder fynt dat de eardere eigner betelje moat.
Yntusken is al tûzenen euro's oan de opfang fan de katten bestege. De kosten drukke swier op it budzjet fan de opfang.