Brân yn Jouster garaazje

Op 'e Jouwer hat moandei brân west yn in garaazje fan in wenning oan de Kyl. Om in oere as alve waard troch in 20-jierrige bewenner fan it hûs de brân ûntdutsen. Hy wist tegearre mei syn heit it fjoer út te meitsjen.
Omdat de twa in soad reek ynaseme hiene waarden de twa foar kontrôle nei it sikehûs brocht. Troch it fjoer yn de garaazje hat dy in soad reekskea oprûn. Hoe't de brân ûnstie is net dúdlik.