Jong Hearrenfean hellet út

03 okt 2011 - 21:18

Jong Hearrenfean/Emmen helle moandei geweldich út tsjin Jong Sparta. Yn Rotterdam waard it 7-0 foar de ploech fan trainer Jan de Jonge. Dy seach dat syn team mei goed rinnende oanfallen in heech rendemint helle. Healwei wie it al 5-0 foar it Frysk-Drintske alvetal troch goals fan Martinus, Shayesteh, Van Anholt en Valpoort (2).

Rajiv van La Parra soarge yn de twadde helte foar de sânklapper. Jong Hearrenfean bliuwt twadde mei 15 út 6, ien punt minder as Jong FC Twente.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)