Flinke skorsing foar Leon Hese

Leon Hese: Fjouwer wedstriden oan de kant
SC Cambuurferdediger Leon Hese is foar fjouwer wedstriden skorst, wêrfan ien ûnder betingst. Hese krige freed yn de wedstriid tsjin FC Emmen read, nei in wylde tackle op Randy Wolters. Cambuur giet net yn berop tsjin de skorsing.
It is al de twadde reade kaart foar Hese dit seizoen. Tsjin Eindhoven moast er earder ek al it fjild ôf en waard er foar ien wedstriid skorst. De ferdigener mist no de wedstriden tsjin Go Ahead Eagles, FC Oss en Sparta.