Flyers bale fan skiedsrjochter

IIshockeyklup Friesland Flyers sil ûndersykje oft se wat dwaan kinne tsjin it "minne fluitsjen" fan skiedsrjochter Sven Bergman. Neffens Flyersfoarsitter Danny Micola is sprake fan "pure willekeur" en hat Bergman wat tsjin de ploech út It Hearrenfean.
Sneintejûn ferlearen de Flyers mei 5-3 fan Tilburch. Under lieding fan ûnder oare Bergman sieten de spilers fan de Flyers mar leafst 38 minuten op de strafbank.