Gjin gerskarpers mear útsette

03 okt 2011 - 14:43

As it oan it deistich bestjoer fan Wetterskip Fryslân leit, moatte gjin gerskarpers mear útset wurde. Dy fisksoart heart hjir oarspronklik net thús. De fisk fret alle wetterplanten op. Mar gemeenten brûke gerskarpers krekt om it wetter frij te hâlden fan wetterplanten. Dat skeelt wer yn ûnderhâld.

It wetterskip is der ferantwurdlik foar dat de wetterkwaliteit goed genôch is foar in duorsume fiskstân. Dêrfoar binne wetterplanten needsaaklik.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)