Skoalreedriden fan start

Foto: Neeltsje Weishaupt
It reedrydseizoen foar basisskoallen is moandei op It Hearrenfean iepene troch sprinters Margot Boer en Anice Das. Skoalbern kinne fjouwer lessen folgje om it riden te learen. Dit seizoen dogge 3400 bern mei.
Gemeenten drage trije euro it bern by om it skoalreedriden betelber te hâlde. Neffens de organisaasje is it belangryk om bern reedriden te learen omdat reedriden by de Fryske kultuer heart. Lang net alle winters leit der natueriis.