Wetsus: betrouwen yn takomst

Wetsus (foto: Omrop Fryslân)
Wetterynstituut Wetsus yn Ljouwert hopet noch op ryksjild foar 2012. Yn Den Haach witte se noch altyd net út hokker potsje de 4 miljoen foar Wetsus komme moat. De ûndúdlikens hat te krijen mei nije regels foar it ekonomysk stimulearringsbelied.
Wetsusdirekteur Johannes Boonstra seit dat minister Verhagen hiel posityf is oer syn ynstitút. Fryske bestjoerders oerlizze ek drok mei kollega's yn Den Haach oer Wetsus. Boonstra ferwachtet foar de ein fan dit jier dúdlikens.