Ynbrekkers pakt yn Ferwert
Yn Ferwert binne yn de nacht fan snein op moandei twa ynbrekkers oanhâlden troch de plysje. In ynwenner fan Holwert hie alarm slein. Dêr besochten de twa yn te brekken oan de Beyerstrjitte. Mar de bewenner waard wekker en doe naaiden se út.
De twa ynbrekkers komme út Boskoop. Se sitte foarearst fêst.