Twadde ferlies Flyers

03 okt 2011 - 08:01

De Friesland Flyers ha ek de twadde wedstriid yn de bekerkompetysje ferlern. Yn Tilburch wûn Destil Trappers sneintejûn mei 5-3. De earste perioade wie mei 2-1 foar de Flyers mei goals fan Michael Nason en Dennis Schreur. De twadde perioade einige yn 1-1 mei in skoare fan Flyer Marcus Pryde. Yn de lêste perioade makke de thúsploech dien wurk: 3-0.

Freed ferlearen de Flyers thús mei 4-3 fan Geleen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)