Wenwyk Gordyk wurdt opknapt

02 okt 2011 - 15:51

Op 'e Gordyk begjint moandei in grutskalige renovaasje fan in wenwyk. De kommende oardel jier wurde 46 hûzen oan de Stokerij stript en fan binnen en bûten hielendal opknapt.

De bewenners fan de hûzen wenje yn in oar hûs salang't de renovaasje duorret. Foar ien hûs is dat likernôch twa moannen. Dêrneist wurde 20 hûzen sloopt. Dêrfoar komme 12 hierhûzen en 4 keaphûzen werom. Dy hûzen binne ein takom jier klear.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)