Harnzer pakt mei mes

Twa Harnzers (38 en 49) binne sneontenacht oanhâlden. De jongere hie in besiker yn in hoarekagelegenheid oan de Heiligeweg yn Harns mei in mes bedrige. De plysje hâlde de man oan, mar fûn gjin mes by it fûllearjen.
De plysje woe de âldere man ek fûllearje, mar dy wegere. Uteinlik die bliken dat er in mes en pepperspray by him hie. Hy is oanhâlden foar ferbean wapenbesit. De beide mannen binne nei it buro brocht. De wapens binne yn beslach nommen.