Man swaait mei mes yn Ljouwert

Yn Ljouwert is sneontenacht in man (46) út Algerije oanhâlden. De plysje krige in melding dat ien mei in mes stie te swaaien yn de Grote Hoogstraat.
By it fûllearjen fûn de plysje in mes en in skjirre by de man. Dat guod is yn beslach naam. Op it buro moast de man fuort in boete fan 500 euro betelje. Hy is ynsletten om't er yn tal fan oare saken noch as fertochte heard wurde moast.