Telefoan meldkeamer oerbelêste

02 okt 2011 - 15:01

In man (50) út Frjentsjer is sneontenacht oanhâlden. Hy hie sa faak it alarmnûmer belle dat de telefoans fan de meldkeamer Fryslân en fan de meldkeamer yn Driebergen oerbelêste rekken.

De plysje gie nei it hûs fan de man oan it Algraplein om in ein oan de telefoanterreur te meitsjen. De plysje forsearre de doar doe't er net iependwaan woe. De man wie dronken. Hy is nei it buro brocht en syn telefoans binne yn beslach naam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)