Rappe farder op Bonkefeart

In skipper fan in rappe motorboat is sneon nei in burgernetaksje yn Ljouwert oanhâlden. Plysje seach de boat mei goed 70 kilometer yn de oere op de Bonkefeart farren. De skipper woe net stopje. Fia it registraasjenûmer is boargers frege nei it skip út te sjen. Der kamen acht meldingen binnen. De plysje koe de skipper (23) achterhelje.
Yn Grou hat in skipper (37) ek in proses-ferbaal krigen foar te hurd farren.