Mannen ha spul yn auto

De plysje hat sneon yn Ljouwert twa ynwenners út de stêd oanhâlden. It duo hie yn de auto spul krigen en sloech elkoar. De bestjoerster stoppe op de Rengersleane en de man fan 33 jier stapte út. Hy siet ûnder it bloed raasde. Foarbygongers bellen de plysje.
Doe't de plysje kaam, wie de oare man (29) ek op de Rengersleane. Hy woe fuort wer op de fûst. De plysje hâlde beide mannen oan. Nei ferhoar en in proses-ferbaal mochten se nei hûs.