Tynjetalertsiis wint net

De Gelder waard earder wol Fryske Held van de Smaak
Tsiisbuorkerij De Gelder fan De Tynje is bûten de prizen fallen by de ferkiezing fan de Nederlandse Held van de Smaak. Mei de Tynjetalertsiis wie De Gelder earder keazen ta Fryske Held van de Smaak.
Alle jierren wurdt in Nederlânske produsint keazen ta Held fan de Smaak by de iepening fan de Week van de Smaak. Dit jier stie dy ferkiezing yn it teken fan de boeresuvel. Winner wie in tsiismakker út Súd-Hollân dy't 'Boeren-Goudse oplegkaas' makket.