Kuierje tsjin boarstkanker

De fyfde edysje fan Bewegen voor Overleven is sneon yn Ljouwert begûn. De kuiertocht is 25 kilometer lang en einiget op Aldebiltdyk by Sint Jabik. Goed 2.200 minsken diene mei. Der wie ek in kidswalk fan 5 kilometer.
Bewegen voor Overleven wurdt organisearre yn it ramt fan de boarstkankermoanne. Alle jierren wurdt yn oktober omtinken jûn oan de sykte. De tocht wie dit jier foar it lêst. De organisaasje fûn it tefolle wurk om de tocht alle jierren te hâlden.