Rely Jorritsmaprizen útrikt

De Rely Jorritsmaprizen binne sneon yn it tsjerkje fan Bears útdield. Yn de kategory proaza wûn Lida Dykstra mei it ferhaal 'De jonge dy't Koraal neamd waard'. By de fersen wie dit jier ek ien winner, Sytse Jansma krige in priis foar it fers 'Dagen ferwaaie'.
De Rely Jorritsmapriis is in Fryske literatuerpriis dy't alle jierren takend wurdt foar in ferhaal en/of fers. In sjuery beoardielet de ynstjoerings anonym. De priis is yn 1954 foar it earst útrikt.