Fermist famke werom

Kimberley Dolstra
De 16-jierige Kimberley Dolstra út Wolvegea is wer terjochte. It famke wie freedtejûn nei rúzje thús fuortrûn. Doe't se nei in ûndersyk ûnder har freonen noch net fûn wie, sette de plysje IN helikopter yn om de omjouwing ôf te sykjen.
It famke wie it natuergebiet de Rottige Meenthe ynrûn en hat dêr de nacht en de dei trochbrocht. Se is wer by har âlders.