Hynstespektakel Wolvegea

01 okt 2011 - 13:12

Yn Wolvegea en Aldeholtpea is snein in grut hynstespektakel mei hynder en wein. In part fan de rûte rydt dwers troch de Lindewyk yn Wolvegea. Dat betsjut dat minsken frij tichtby de hindernissen komme kinne.

Ferline wike rekken noch trije minsken ferwûne by de Flaeijelfeesten yn Nijhoarne. In dei letter barde ek in ûngelok mei hynder en wein yn Aldemardum. De organisaasje hat yn Wolvegea gjin ekstra feilichheidsmaatregels naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)