KNRM rêdt frou op Noardsee
Op de Noardsee boppe Skiermûntseach hawwe de KNRM-rêdingsboaten fan Skiermûntseach en Delfsyl sneon in sylster yn need holpen. De frou krige op de drokke seefeartrûte boppe it Fryske Waadeilân problemen mei de motor en doarde net fierder ta farren.
De frou en har syljacht binne troch de rêdingboat fan Delfsyl nei de Grinzer Eemshaven sleept.