NVM hâldt iepen huzedei

De NVM hâldt sneon yn hiel Fryslân wer iepen huzedei. Minsken dy't in hûs besjen wolle, hoege net earst in ôfspraak te meitsjen om binnen te sjen. De NVM-makelers organisearje sa'n dei twa kear yn it jier.
De tydlike ferleging fan de oerdrachtsbelesting hat de huzemerk net út it slop helle. Dêrom is de iepen huzedei in belangrike kâns foar ferkeapers en foar keapers.