Sera yn finale sjongfestival
Sera út Drachten stiet sneontejûn yn de finale fan it Junior Songfestival. Yn de heale finale lei it 11-jierrige famke der al út, mar troch de ynternetstimming krige se in 'wildcard'. Se mei dêrtroch no dochs oan de finale meidwaan.
Yn de finale steane mei elkoar fiif acts. De winner mei 3 desimber meidwaan oan it ynternasjonale junior sjongfestival.