Syktocht nei fermist famke

01 okt 2011 - 12:10

In famke fan 16 jier út Wolvegea wurdt sûnt freedtejûn fermist. Se gie freed nei in rúzje mei har âlders lilk fan hûs, mar is noch altyd net werom. De plysje is dêrom mei in grutte sykaksje begûn.

Har freonekring is ûnderfrege, mar dat hat net ta in spoar laat. Sneontemiddei wurdt it bûtengebiet fan Wolvegea mei in helikopter ôfsocht. It giet om in blond famke fan 1,60 meter. Se hie in spikerbroek oan, in swart jaske en rôze-pearse skuon.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)