PvdA'ers kritysk oer Den Haach

01 okt 2011 - 08:58

De PvdA-Keamerleden moatte it kabinet hurder oanpakke, mar der is noch hieltyd stipe foar fraksjelieder Job Cohen. Mei dat boadskip stjoerde de PvdA-ôfdieling Smellingerlân twa Keamerleden fan de partij werom nei Den Haach.

De Fryske PvdA'ers Lutz Jacobi en Jacques Monasch wiene freed op wurkbesite nei Drachten. In soad PvdA'ers fine dat de partij fierstente folle fan it kabinet akseptearret en dat der hurder stelling naam wurde moat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)