Rydbewizen ynnaam

30 sep 2011 - 21:29

De plysje hat freedtemiddei op de Kwelderwei by Kollumerpomp it rydbewiis ynnaam fan in 46-jierrige motorrider út Grins. De man ried mei 136 kilometer oer de dyk, wylst 80 tastien is.

Op de Ofslútdyk waard it rydbewiis fan in 58-jierrige automobilist út Boalsert ynnaam. Hy hie 120 kilometer op de teller stean wylst er mar 70 mocht. Beide bestjoerders ha ek in proses-ferbaal krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)