VVD: Gjin útstel Boontjes

30 sep 2011 - 21:14

De VVD yn Harns is benaud dat it útbaggerjen fan fargeul Boontjes by de stêd langer op him wachtsje lit. Neffens de partij binne der plannen om it sân dat by it baggerjen frijkomt te brûken foar it meitsjen fan wâlen yn de Iselmar. De fergunning foar it oanlizzen fan dy wâlen wurdt lykwols net earder as yn 2013 ferliend.

De VVD fynt net dat dêr op wachte wurde kin en hat no syn Twadde Keamerlid Anne Wil Lucas ynskeakele om opheldering te freegjen by it regear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)