Iepen dei by Empatec

30 sep 2011 - 15:36
  • Empatecmeiwurker yn kas (foto: Omrop Fryslân)

Sosjale wurkfoarsjenning Empatec hâldt sneon yn Snits iepen dei. De organisaasje wol omtinken freegje foar it wurk. Empatec hat 1800 minsken yn tsjinst dy't fanwege in beheining dreech in gewoane baan krije. Troch dêr te wurkjen soene se úteinlik wol in gewoane baan krije moatte.

Empatec hâldt de iepen dei ek omdat it regear besunigje wol op sosjale wurkfoarsjennings. Dy iepen dei is fan tsien oant trije oere oan de Tinjittersstrjitte yn Snits.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)