Gouweleeuw yn Jong Oranje

© Omrop Fryslân
Jeffrey Gouweleeuw sil foar it earst plaknimme yn de seleksje fan Jong Oranje. Earder waard Gouweleeuw alris oproppen, mar doe rekke er blessearre. Hearrenfeanspiler Luciano Narsingh en Cambuurkeeper Marco Bizot binne ek wer opnaam yn de seleksje.
Jong Oranje spilet op tongersdei 6 oktober in EK-kwalifikaasjewedstriid yn en tsjin Eastenryk. De ploech stiet nei twa wedstriden earste mei seis punten.